61 lines
3.7 KiB
Plaintext
61 lines
3.7 KiB
Plaintext
Mastodon is de beste manier om by te hâlden wat der bart. Folgje elkenien yn de fediverse en sjoch alles yn gronologyske folchoarder. Gjin algoritmen, advertinsjes of clickbait te bekennen.
|
||
|
||
Dit is de offisjele Android-app foar Mastodon. It is razendfluch en bjusterbaarlik moai. Untwurpen om net allinnich krêftich, mar ek brûkersfreonlik te wêzen. Yn ús app kinne jo:
|
||
|
||
UNTDEKKE
|
||
|
||
■ Nije skriuwers, sjoernalisten, keunstners, fotografen, wittenskippers en mear ûntdekke
|
||
■ Sjoch wat der yn de wrâld bart
|
||
|
||
LÊZE
|
||
|
||
■ Op de hichte bliuwe fan minsken om wa’t jo jouwe, op in gronologyske tiidline en sûnder ûnderbrekkingen
|
||
■ Hashtags yn realtime folgje om op de hichte te bliuwen fan spesifike ûnderwerpen
|
||
|
||
KREËARJE
|
||
|
||
■ Berjochten nei allinnich dyn folgers stjoere of nei de hiele wrâld, mei peilingen, ôfbyldingen fan hege kwaliteit en fideo’s
|
||
■ Oan ynteressante petearen mei oare minsken dielnimme
|
||
|
||
ONTWERPEN
|
||
|
||
■ Listen meitsje mei minsken dy’t jo folgje, om sa nea in berjocht te missen
|
||
■ Wurden of sinnen filterje om te bepalen wat jo wol en net sjen wolle
|
||
|
||
EN MEAR!
|
||
|
||
■ In prachtich tema dat har oanpast oan jo persoanlike kleureskema, ljocht of donker
|
||
■ QR-koaden scanne om gau Mastodon-profilen mei oare minsken te dielen
|
||
■ Meardere accounts brûke
|
||
■ Meldingen fan spesifike persoanen ûntfange, wannear’t dizze berjochten pleatse
|
||
■ Gjin spoilers! ■ Jo kinne jo berjochten efter ynhâldswarskôgingen pleatse
|
||
|
||
IN KRÊFTICH PUBLIKAASJEPLATFOARM
|
||
|
||
Jo hoege net langer te probearjen in ûntrochsichtich algoritme tefreden te stellen, dat beslist oft jo freonen wol of net sjen meie wat jo pleatst hawwe. As se jo folgje, sille se it sjen.
|
||
|
||
Wannear’t jo it yn de fediverse pleatse, is it ek tagonklik yn de fediverse. Jo kinne feilich keppelingen nei Mastodon diele, yn de wittenskip dat elkenien se lêze kin sûnder oan hoege te melden.
|
||
|
||
Mei petearen, peilingen, ôfbyldingen fan hege kwaliteit, fideo’s, audio en ynhâld s warskôgingen, biedt Mastodon genôch manieren om josels uterje te kinnen, op in manier dy’t by jo past.
|
||
|
||
IN KRÊFTICH LÊSPLATFOARM
|
||
|
||
Wy hoege jo gjin advertinsjes sjen te litten, dus wy hoege jo ek net foar ús app te behâlden. Mastodon hat de rykste kar oan troch tredden ûntwikkele apps en yntegraasjes, sadat jo de brûkersûnderfining kieze kinne dy’t it beste by jo past.
|
||
|
||
Mei tank oan de gronologyske tiidline is it maklik om te sjen wannear’t jo alle updates besjoen hawwe en mei wat oars troch gean kinne.
|
||
|
||
Jo hoege net bang te wêzen dat, wannear’t jo op wat ferkeards klikke, jo oanrekommandaasjes foar altyd ferpest binne. We riede net nei wat jo sjen wolle, wy litte it oan jo oer.
|
||
|
||
PROTOKOLLEN, GJIN PLATFOARMS
|
||
|
||
Mastodon is net lykas in tradisjoneel sosjaal-mediaplatfoarm, mar is boud op in desintralisearre protool. Jo kinne foar ús offisjele server of foar ien fan in tredde partij kieze om jo gegevens te hosten en brûkers te moderearjen.
|
||
|
||
Mei tank oan it mienskiplike protokol, kinne jo, likefolle wat jo kieze, naadleas mei minsken op oare Mastodon-servers kommunisearje. Mar der is mear: Mei mar ien account kinne jo mei minsken fan oare fediverse-platfoarms kommunisearje.
|
||
|
||
Net tefreden mei jo kar? Jo kinne altyd nei ien oare Mastodon-server oerstappe en jo folgers meinimme. Betûfte brûkers kinne harren gegevens sels op harren eigen ynfrastruktuer hoste, omdat Mastodon iepen-boarne is.
|
||
|
||
NON-PROFIT FAN AARD
|
||
|
||
Mastodon is in registrearre non-profitorganisaasje yn de Ferienige Steaten en Dútslân. Wy helje ús motivaasje net út it kommersjeel misbrûk meitsje fan Mastodon, mar út wat it beste is foar Mastodon.
|
||
|
||
FERMELD YN: TIME, Forbes, Wired, The Guardian, CNN, The Verge, TechCrunch, Financial Times, Gizmodo, PCMAG.com en mear. |